Nei de theaterstikken Katarsis, Kredo en Krimp sil it theaterselskip Achmea Culpa foar ús harren nije stik "Kredyt" opfiere. It stik is skreaun troch Gerrit Breteler en wurdt spiele troch Anke Bylsma en Gerrit Haaksma. 'Kredyt' Neidat Knilles yn 'Katarsis' syn dochter kwytrekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen: de Ahalteke; it gouden hynder. Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen. Hy moetet de Twentske Hettie, se skriuwt in boek oer in Fryske artyst dy't se hertstochtlik adoreard. De politiker, Peke van der Klamp, nimt alfêst wat kredyt op de demokrasy. It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir trochhinne slacht. Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn 'Kredyt' komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok.
Seal iepen om 19.30 oere, doaren slúte om 20:00 oere!!
fol=fol
Dit stik wurdt mooglik makke mei stipe fan Stifting de Súdwester.