Paddy's Day Off op 1 maart yn De Klink

zondag 01 maart '26

 

 

William Butler Yeats (1865 –1939) mei rekkene wurde ta de meast foaroansteande Ierske dichters en skriuwers. Syn wurk, en dan benammen de poëzy, hat hjoed-de-dei noch altyd in sizzenskrêft dy't ta de ferbylding sprekt.

 

Reden genôch foar Eppie Dam (1953) om in samling oersettingen te meitsjen en foar it ljocht te bringen. Hoewol 't se ticht by de boarne bliuwe binne de fersen tige tagonklik en linich fan taal. Sa fynt de Ierske tradysje syn wei yn it Frysk en blike de ferskillen lytser as de oerienkomsten.

 

De muzikanten fan Paddy's Day Off, al jierren betûft yn it spyljen fan Ierske folksmuzyk, hawwe fan âlds bekende mar ek nije meldijen fûn om dizze fersen ta klinken te bringen. Yn in ôfwikseljend programma fan lieten en balladen, ynstrumintale muzyk en oare snústerijen wurde brêgen slein en freonen makke. Want, muzyk en taal binne as it libben sels: jou dy derby en genietsje!

 

Op 1 maart 2026 om 15.00 oere steane se yn 'e Klink foar in sneintemiddei consert. In middei fol Frysk en Iersk repertoire. Dit meie jo net misse!

 

Paddy's Day out bestiet út:

Mario Kramer - sang, gitaar

Tseard Nauta - kontrabas, fioele, sang

Wander van Duin - banjo, mandoline, sang

 

Kaarten binne foar € 12,50 te keap by Boekhandel Muizelaar te Koudum as oan 'e kassa.